Ha jo teksten dy’t jo graach oersetten ha wolle yn it Frysk, Ingelsk of Nederlânsk? Of ha jo help nedich om jo webside yn safolle mooglik talen beskikber te meitsjen? By Wiiswurd binne jo op it goede plak.
As oersetter ha ik ferskate saken by de hân hân, fan literatuer en poezij oant saaklike teksten. Ek as jo help nedich ha foar jo webside, bin jo by my oan it goede adres. Tegearre stelle wy in plan op hoe’t jo teksten, blogs, webshop it beste út de farve komt. Mei it each op de fynberheid fan jo webstee troch sykmasines sa as Google en Bing, wurde al jo online teksten trochljochten en wêr nedich ferbettere.
As jo fragen ha of graach mear witte wolle oer ús tsjinsten, stjoer in berjochtsje nei info@wiiswurd.nl.