Oprjochten yn 2016 ha ik ferskate projekten ûnder hannen hân. Foar Noordhoff Uitgevers skriuw ik harkopdrachten foar de Stepping Stones, in Ingelsk lesboek foar middelbere skoallen. Fierders ha ik de gedichten fan Sigrid Kingma oersetten, dizze bin yn har bondel Reade Triedleas publisearre. Yn de online wrâld ha ik by Parkos wurke, in ynternasjonale fergelikingswebsite foar parkearplakken by fleanfjilden.
Wêrom hast foar de namme “Wiiswurd” keazen?
Om’t ús heit út Ingelân weikaam is om by ús mem te wêzen (very romantic story, ask me sometime), ha ik in moaie Ingelske namme krigen: Trevor. No komt dy namme oarspronklik út it Keltysk en it wurd hat de betsjutting fan “wiisheid”. Nei in bytsje googlejen (googljen? gûgeljen?) bin ik der efter kaam dat it Aldingelske wurd foar wiisheid “wyswert” is. Ast dat ferbasterest nei it Frysk krijst de moaie kombinaasje “wiis wurd” – fandêr de namme Wiiswurd.